Over crisis: Fleis koene de minsken net keapje, mar ús mem koft - TopicsExpress



          

Over crisis: Fleis koene de minsken net keapje, mar ús mem koft wolris in bargekop. Dy waerd dan sean en der waerd alles fan brûkt. Earen koft ús mem ek wol en dy mocht ik sels hiel graech. It wie moai as san ear tichte by de kop om ôfsnien wie, der wie it wat dikker en dan siet der folle mear iten oan. De punt moaste de ôfknippe, want dy hie altyd ope groun omsleept. En dû moaste ek it skearapparaet der by hawwe, want dat ear der seach de slachter net sa krekt nei. Sturt iet ik minder graech, want ast dy baktest, dan plakte dat sa en dan bleaun de miggen dy ope lippe sitten, hoe bot ast ek fagest. (Uit: Ferhealtsjes fan ús Geart-om, Anneke Pitstra, 2000).
Posted on: Sat, 19 Oct 2013 11:15:43 +0000

Trending Topics



Recently Viewed Topics




© 2015